Problemen foar Friezen yn VS

De Fryske dielname oan it New Island Festival op Governers Island yn New York giet noch net hielendal sûnder problemen. Sa is de tinte dêr't in part fan 'e festiviteiten plakfynt te lyts. Fierders is in grut part fan 'e oanklaaiïng te let oankaam. Dêrtroch moat ekstra hurd wurke wurde om alles op 'e tiid klear te krijen.
De Friezen binne yn New York om it 400-jierrich bestean fan 'e stêd mei te fieren.