'Hegeskoallen better ynsette'

10 sep 2009 - 21:44

De hegeskoallen yn Fryslân profileare harren te min en soene mear dwaan moatte foar de ekonomy yn dizze regio. Dat sei Doekle Terpstra tongersdei op 'De Nacht van de Ondernemer' yn Snits. Dêr kamen sa'n 250 ûndernimmers en fertsjinwurdigers by elkoar om te praten oer de kennisekonomy yn it Noarden.

Neffens Terpstra moat krekt it heger ûnderwiis folle better ynset wurde om Fryslân ta in goed plak foar ûndernimmers te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)