Ielfiskers demonstrearre

10 sep 2009 - 21:38

Yn Den Haach hawwe tongersdei ielfiskers demonstrearre tsjin it fangstferbod, dat minister Verburg ôfkundige hat. Fan takomend jier ôf mei der yn de moannen septimber, oktober en novimber net mear op iel fiske wurde. Sa moat foarkommen wurde dat de iel útstjert.

De fiskers binne benaud dat it fangstferbod de deastek foar har bedriuwen wêze sil. Se hawwe minister Verburg frêge noch ien kear har bêst foar de fiskers te dwaan yn Brussel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)