Klubhûs Harkema opknapt

10 sep 2009 - 21:32

It Klubhûs op De Harkema wurdt de kommende moannen foar goed 150.000 euro opknapt. It gebouw dat ûnder oare brûkt wurdt troch jongerein yn it doarp, hat al lange tiid te krijen mei hieltyd gruttere mankeminten. Sa binne de kezinen oan ein, want se rotsje en fersakje. Dêrneist lekt it dak en docht de kachel is net goed.

It Klubhûs krijt it jild fan 'e gemeente om de problemen noch dit jier op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)