Grutte miljeukontrôle op A7

10 sep 2009 - 16:41

By in grutte miljeukontrôle op de A7 by Terwispel binne tongersdei 75 boetes útdield. De plysje kontrolearre goed 160 frachtauto's op bygelyks oerbelading, technyske steat fan de frachtauto en de manier fan ferfier. De sjauffeurs waarden nei de parkearplakken De Wâlden en De Fonken laat, dêr't alles neisjoen waard.

Oan de kontrôle diene mei-elkoar 47 minsken mei fan plysje, KLPD, dûane, AID, RDW en de provinsje. De kontrôle wie tusken sân en twa oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)