Saak brân St. Anne oanhâlden

10 sep 2009 - 15:04

De rjochtsaak tsjin ien fan de fertochten fan de brânstifting yn sportkompleks De Waaie yn St. Anne is tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert oanhâlden. Neffens it iepenbier ministearje wiene de stikken dy't nedich binne foar de saak te let binnen en koene se net mear goed bestudearre wurde. Oer twa wike wurdt de saak no behannele.

Op 6 juny baarnde it sportkompleks folslein út. Dêrby gie 100 jier sporthistoarje ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)