50e Poiesz komt yn Beilen

10 sep 2009 - 14:28

Supermerkûndernimming Poiesz iepenet oer in pear wike it fyftichste filiaal. Dat komt yn Beilen. De Snitser supermerkketen hat dêr in eardere SPAR oernaam.

It is yntusken ek offisjeel dat der in Poieszwinkel yn Wytmarsum komt op it eardere kleasterterrein. Dy sil yn de rin fan takom jier de doarren iepenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)