Famkes ferwûne by bluswurk
Twa famkes út Easterbierrum moasten woansdeitemiddei nei it sikehûs yn Ljouwert neidat se in brân blust hiene. Ien fan har, in 14-jierrich famke, wie fergetten in panne mei oalje fan it fjoer te heljen. Dy waard sa hyt dat er yn 'e brân fleach.
It famke hat dêrnei mei in freondinne de brân blust. Se binne beide nei it sikehûs brocht omdat se in soad reek binnenkrigen hiene.