Drachtster jonge mishannele

10 sep 2009 - 10:50

In 13-jierrige jonge út Drachten is woansdeitemiddei yn syn wenplak yn elkoar slein troch seis jongeren. De groep hie yn it buerthûs rúzje makke mei it slachtoffer. Bûten hawwe se de jonge skopt en slein.

De Drachtster moast foar behanneling nei in dokter. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)