Man botst mei trekker

10 sep 2009 - 09:57

In man fan 31 út De Harkema is woansdei yn Surhústerfean ferwûne rekke trochdat er mei syn auto tsjin in trekker botste. Hoe't dat gebeure koe, is noch net dúdlik.

Troch de klap bruts in tsjil fan de wikkelder, dy't achter de trekker keppele wie. It tsjil kaam tsjin de auto fan in frou út Surhuzum oan. Sij kaam mei de skrik frij, en de bestjoerder fan de trekker ek. De man út De Harkema moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)