Ferdield oer sintrumplannen

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Sint Nyk binne ferdield oer de plannen foar it sintrum fan it doarp. De gemeente Skarsterlân wol it sintrum oer de kop helje om't it no te rommelich is. It soe dan ynrjochte wurde neffens de shared-space-gedachte. Dan binne der gjin ferkearsbuorden en ljochten. Ynwenners fan it doarp koene justerjûn harren miening jaan oer de plannen.
De gemeente wol yn maart takom jier begjinne en de nije ynrjochting moat dan foar de fakânsje klear wêze.