Oerlêst klinkertdyk Bitgummole

09 sep 2009 - 17:25

Bitgummole wol it asfalt werom yn de trochgeande dyk troch it doarp. Fjouwer jier lyn is it asfalt derút helle en ferfongen troch klinkerts. Frachtweinen, bussen en lânbou-ark dinderje oer de Van Aismawei. Dat hat skealike gefolgen foar de huzen.

In hantekenaksje, petearen en brieven oan gemeente en doarpsbelang, sels in advokaat ynhiere ha neat úthelle. De gemeente lit witte dat der noch gjin beslút oer nommen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)