LifeLines no ek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It LifeLines-ûndersyk krijt in festiging yn Ljouwert. It ûndersyk is opset troch it UMCG yn Grins. Earder wiene al fesitigings iepene yn Snits en Drachten.
By it ûndersyk wurdt de sûnens fan 165.000 minsken 30 jier lang folge. Sa hopet it UMCG mear te witten te kommen oer it ûntstean fan syktes. LifeLines is yn 2006 begûn en oant no ta ha 17.000 minsken har opjûn om mei te dwaan. Dat kin fia de húsdokter.