Drokte om ûntsnapte ko

09 sep 2009 - 14:11

In ûntsnapte ko soarge woansdei op de N31 foar drokte. Op de flechtstrook stiene in gefangenebuske fan justysje, in plysje-auto en in auto fan Rykswettersteat achter elkoar.

Se wiene mei elkoar yn it spier foar in ûntsnapping, mar dus net fan in krimineel. It gie om in ko dy't útbrutsen wie. Mei feriene krêften is it bist wer yn de greide dreaun.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)