Noed oer ûndernimmers Drachten

09 sep 2009 - 12:36

De VVD yn Smellingerlân wol ûndernimmers yn it sintrum fan Drachten kompensearje. Se ha minder ynkomsten, trochdat der noch altyd net sloopt en nijboud wurdt op it Raadhúsplein. De tariedings foar de wurksumheden binne klear, mar de sloop en nijbou is útsteld oant oktober.

De gemeente fielt lykwols neat foar kompensaasje. Wethâlder Veenstra seit dit de ûntstiene sitewaasje gewoan ûnder it ûndernimmersrisiko falt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)