Kampanje foar elektrysk fytse
Minsken dy't it te fier fine om op de fyts nei it wurk te gean, kinne in elektryske fyts útprobearje. Yn de kampanje E-fyts: 'Fiets makkelijk, Fiets verder' kinne bedriuwen har wurknimmers yn de kunde komme litte mei de elektryske fytsen. Alle dagen dei kin in oare wurknimmer in e-fyts mei nei hûs nimme om te wennen oan it elektrysk fytsen.
De provinsje hopet dat in soad minsken tenei de auto stean litte en mei de E-fyts nei it wurk komme.