Famkes betrape op stellerij

09 sep 2009 - 10:07

Twa famkes fan 13 jier binne tiisdeitemiddei op It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan stellerij. De twa wiene troch it personiel betrape yn de winkel oan De Jister doe't se kosmetika stielen.

De plysje is der by helle en de famkes binne meinommen nei it buro. Nei it ferhoar en it opmeitsjen fan it proses-ferbaal waarden se oerdroegen oan de âlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)