Tsjûgen socht fan mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in Lemster (21). De frou waard moandeitejûn tsjin 19.00 oere by in supermerk oan it Verlaet mishannele troch meardere persoanen.
It slachtoffer ferklearre tsjin de plysje dat se yn de winkel oansprutsen wie troch twa doarpsgenoaten oer in finansjele kwestje. Doe't se wer bûten wie, waard se út de auto lutsen en dêrnei skopt. De fertochten pakten ek har beurs ôf. De plysje wol graach tsjûgen hearre.