Ein driget foar fysio Wolvegea

© Omrop Fryslân
It doek liket te fallen foar de súksesfolle fysioterapy-praktyk Total Energetic Wellness yn Wolvegea. Troch ûnderlinge problemen kinne der foarearst gjin behannelings mear plakfine. In meiwurker hat neffens eigner Van Assche de praktyk leech helle. Van Assche kaam in pear jier lyn nei Fryslân om de bekende reedrydster Barbara de Loor te helpen. Sporters as Epke Zonderland en Chris Wassenaar hawwe har dêr behannelje litten.