Nij fytspaad by Wynjewâld

08 sep 2009 - 22:33

It nije fytspaad tusken De Mersken en 't Skjer by Wynjewâld hat de namme Mûzebiterspaad krigen. Dat is dien omdat in pearke mûzebiters de realisaasje fan it paad in skoftlang dwers siet. De oanlis moast wachtsje oant de fûgels har aaien útbret hiene.

It nije fytspaad waard tiisdeitejûn iepen troch wethâlder De Boer fan Opsterlân. De earste inisjativen binne fan begjin jierren njoggentich. Benammen it finen fan it nedige jild makke dat de útfiering lang duorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)