Weening 66e yn tsiende etappe

08 sep 2009 - 20:30

Pieter Weening fan De Harkema is tiisdei op it seisensechtichste plak einige yn de tsiende etappe fan de Ronde fan Spanje. Weening kaam 4,48 minuten letter oan as winner Simon Gerrans út Australië. Lieuwe Westra fan Mûnein waard yn de etappe 175e. Dy etappe gie fan Alicante nei Murcia.

Yn it algemien klassemint stiet Weening no op it njoggentichste plak, Lieuwe Westra stiet acht plakken leger. It klassemint wurdt oanfierd troch de Spanjert Alejandro Valverde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)