Man rydt troch nei oanriding

08 sep 2009 - 17:59

In swarte Golf mei twa jonges hat yn De Triemen in fytser oanriden en is oanslutend trochriden. De fytser rekke dêrby slim ferwûne. Nei in oprop op de radio fûn de plysje de auto even letter yn Feankleaster. Wol wiene de nûmerplaten der ôfhelle.

Der wurdt noch socht om de ynsittenden, mar de plysje tinkt dy oan de hân fan de gegevens fan de auto maklik achterhelje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)