Soad nije webwinkels derby

08 sep 2009 - 17:05

Wylst de pleatslike bakker en slachter hieltyd mear út de doarpen ferdwine, sjitte webwinkels op it plattelân as poddestuollen út 'e grûn. Yn 2006 telde Fryslân noch 45 nije webwinkels. Ferline jier wiene dat al 150.

De Keamer fan Keaphannel sjocht de webwinkel as opkommend fenomeen dat allinnich noch mar mear tanimme sil. Om folslein fan in webwinkel te bestean falt noch net ta. In soad minsken dogge it njonken harren gewoane wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)