Vermilion: boare yn Tsjûkemar

08 sep 2009 - 14:57

Gaswinbedriuw Vermilion wol op twa plakken yn Fryslân boarje nei gas. It giet om fjilden yn de Tsjûkemar en flakby Harns yn de Waadsee. Vermilion wol yn 2011 begjinne te boarjen. It bedriuw tinkt dan de fergunnings te hawwen.

Earder besocht Total om yn de Tsjûkemar nei gas te boarjen. De stifting Tegengas Tjeukemeer wist dat doe op te kearen by de Ried fan Steat. Vermilion hat letter de fergunnings fan Total oernommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)