7 en 8 jier sel foar strjitrôf

Twa Ljouwerters binne yn heger berop feroardiele ta 8 en 7 jier sel foar strjitrôf yn Ljouwert. De straffen binne leger as de eask. Twa wiken ferlyn waard 13 jier en 5 jier sel mei tbs easke.
Neffens de rjochter wurdt de tbs net oplein omdat op it tiidstip fan de oerfallen de Ljouwerter wol fermindere tarekkeningsfetber wie, mar is nei ûndersyk gjin stoarnis fêststeld. Yn oktober 2007 hat it twatal op brute wize seis minsken oerfallen.