Opsterlân helpt Bayt Sahur

Bayt Sahur, de Palestynske sustergemeente fan Opsterlân
De gemeente Opsterlân helpt by de oanlis fan in krúspunt yn 'e Palestynske sustergemeente Bayt Sahur. Beide gemeenten hawwe al jierren in freonskipsbân. Oant no ta wiene der wol besites oer en wer, mar soks hat de gemeente noch net earder dien.
Net alle riedsfraksjes binne gelokkich mei dizze foarm fan help. De VVD freget him bygelyks ôf oft it wol de taak fan 'e gemeente is om him mei in projekt op it mêd fan ynfrastruktuer yn Palestina te bemuoien.