Bitekampanje tiisdei begûn

© Omrop Fryslân
De bitekampanje is tiisdeitemoarn ier ende betiid wer út ein set. It liket in goed jier te wurden. Under oare it hege sûkergehalte yn 'e biten soarget foar optimisme by de boeren. It liket derop dat de biten dit jier goed ien prosint mear sûker hawwe as de ôfrûne jierren. En dat soarget wer foar mear omset foar de boeren. Ek it waarme waar is goed foar de kampanje.
Sa is it roaien no makliker en bliuwt der ek minder klaai oan de biten hingjen.