Nij parkearplak stasjon B'post

08 sep 2009 - 11:15

By it treinstasjon fan Bûtenpost wurdt freed in nij parkearterrein yn gebrûk naam. Der is plak foar 60 auto's. It terrein is oanlein om wat te dwaan oan parkearproblemen by it stasjon. Yn dat ramt is yn 2004 ek al in nij terrein mei hast 80 plakken oanlein.

De gemeente Achtkarspelen en de NS tinke dat de parkearproblemen no oer binne. Treinreizgers meie har auto no net langer parkeare yn strjitten om it stasjon hinne. Buertbewenners kleie al langere tiid oer parkearoerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)