Mboua mei spylje tsjin Cambuur

08 sep 2009 - 10:20

Fortuna Sittard mei oanfaller Marc Mboua no freed yn de wedstryd tsjin Cambuur dochs opstelle. Dat hat de KNVB oan Cambuur witte litten. Mboua is foar dit seizoen troch de Ljouwerters oan Fortuna ferhierd.

De klups hienen de ôfspraak makke dat hy tsjin Cambuur net yn aksje komme soe. Mar de KNVB ferplichtet de klups om dizze bepaling te skrassen. Oars wurdt it kontrakt ûnjildich ferklearre. Cambuur sil him net tsjin de maatregel fersette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)