Skate by de alve stêden del

08 sep 2009 - 10:18

Fiif Ljouwerters begjinne snein foar de twadde kear oan harren alvestêdetocht op in skateboard. De dielnimmers sette om tsien oere moarns ôf by it WTC Expo yn Ljouwert en komme twa dagen letter oer de einstreek. Dat betsjut dat se 70 kilometer deis ôflizze moatte op harren skateboard.

De jongste dielnimmer is 18 jier, de âldste 34. Ferline jier leinen de fiif Ljouwerters de alvestêdetocht op in skateboard al mei súkses ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)