Van Nieuwstadt nei Cambuur

Jos van Nieuwstadt
Jos van Nieuwstadt komt definityf nei SC Cambuur. De 29-jierrige ferdigener spilet de rest fan it seizoen op amateurbasis by de Ljouwerters. As dat fan beide kanten goed foldocht, kin it wêze dat er in kontrakt krijt.
Van Nieuwstadt spile earder ûnder oare foar Willem II en Excelsior. Syn lêste club wie de Doncaster Rovers yn Ingelân. Mar dêr hie er it net mear nei it sin en liet er syn kontrakt ûntbine. Van Nieuwstadt skoarde yn syn karriêre fjouwer doelpunten.