Undersyk nei Polderhoofdkanaal

07 sep 2009 - 23:31

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gong fan saken om it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. In foarstel fan fiif fraksjes dêrfoar is moandeitejûn unanym oannaam.

Wethâlder Hoen hat wol wat twifels want de útkomsten fan it ûndersyk kinne tsjinstanners fan it projekt yn de kaart spylje. It wurk oan it kanaal leit troch beswieren fan omwenners en natoerbeskermers al moannen stil. It ûndersyk moat foar de ein fan it jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)