Wenboathaven Snits opknapt

07 sep 2009 - 22:35

De wenboathaven oan de Snitser Woudvaart wurdt foar hast ien miljoen euro opknapt. De haven wurdt útbaggere en ferrotte wâlbeskoeiïng wurdt ferfongen troch nije.

Om de wurksemheden út te fieren wurde de 43 wenboaten yn 'e Woudvaart om en om nei tydlike lisplakken sleept. Begjin desimber moat it wurk oan 'e haven dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)