Jong H'fean bekert fierder

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn de kwartfinale (lêste 16) fan de KNVB beker foar belofteploegen helle. Nei de winst op jong FC Grins wie in lykspul tsjin jong Veendam genôch. It waard 1-1, mar wol mei de hakken oer de sleat. Thúsploech jong Veendam kaam troch Martijn van der Laan krekt foar it skoft op foarsprong.
Jong Hearrenfean/Emmen, mei fjouwer earste jiers A-junioaren, kaam yn de 91e minút op 1-1 troch Kenny Otigba. De beker yn de pûlfaze is no foarby.