Foarferkeap teaters ynsakke

De Lawei yn Drachten
Teaters en skouboargen yn Fryslân ferkeapje dit seizoen minder kaarten yn 'e foarferkeap as oare jierren. Minsken wachtsje hieltyd faker oant it lêste momint of se keapje kaartsjes yn 'e losse ferkeap. Foar in part soe de tendins te meitsjen hawwe mei de mindere ekonomyske tiden.
Teater De Lawei spilet yn op 'e nije situaasje. Se komme mei in kalinder dêr't foarstellings op stean dy't noch net útferkocht binne. Dy komt op ferskate plakken te hingjen.