Hoop foar railterminal

De Vries Railcargo yn Ljouwert
Meiwurkers fan De Vries Railcargo yn Ljouwert kinne wer hoop hawwe. It driigjende ûntslach troch it fallisemint fan eigner De Vries Transport yn Veendam is mooglik fan 'e baan. De Vries Veendam is oernaam troch Husa Transportation Group.
Hûnderten fan 'e 285 wurknimmers hâlde yn alle gefallen har wurk. Hoe't it mei it spoaroerslachplak yn Ljouwert komt, wurdt oare wike moandei dúdlik. By De Vries Railterminal wurkje fiif minsken.