Vuelta: Friezen dogge it goed

Lieuwe Westra (fotö: Martin de Jong)
De beide Friezen yn 'e Ronde fan Spanje, hurdfytsers Lieuwe Westra en Pieter Weening, begjinne moandei oan de njoggende etappe. Krekt lykas snein moat der ek no wer in protte klommen wurde.
Pieter Weening ried snein lange tiid yn in kopgroep en like hast de berchtrui te pakken. Lieuwe Westra hat him oant no ta ek in pear kear goed sjen litten.