Ynbrekkers aktyf op Skylge

07 sep 2009 - 11:11

Op Skylge hawwe yn 'e nacht fan snein op moandei ferskate ynbraken west. Ut in winkel oan 'e Torenstrjitte yn Skylge-West is in bedrach fan hûnderten euro's meinaam. Fierders is in winkel oan 'e Burgemeester Reedekerstrjitte tsientallen euro's en kleanstikken earmer.

By trije oare saken hawwe de ynbrekkers der wol yn west, mar der is neat stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)