Motorriders ûnderút

© Omrop Fryslân
Twa motorriders binne sneintemiddei op twa ferkate plakken ûnderút gien. Op Skylge en yn Tsjerkgaast kamen tweintigers mei de motor op 'e dyk telâne.
In 23-jierrige bestjoerder út Tsjerkgaast is mooglik fallen troch in oaljespoar op 'e dyk. Op Skylge ferlear in 25-jierrige bestjoerster út West-Skylge de macht oer it stjoer. Beide motorriders hawwe skaafferwûnings oan it ûngelok oerhâlden.