Fuotbalfroulju lizze derút

07 sep 2009 - 09:49

Twa Friezinnen hawwe snein mei it Nederlânsk frouljusalvetal de heale finale fan it EK tsjin Ingelân ferlern. Yn it team sitte Loes Geurts dy't yn Hichtum berne is en Sylvia Smit dy't as spits by SC Hearrenfean spilet. Nei in 1-1 gelykspul wûnen de Ingelsen yn 'e ferlinging dochs noch.

Smit is goed te sprekken oer hoe't sy en har kollega's de teoretysk sterkere Ingelsen oanpakten. Se baalt dat se derút lizze, mar is ek grutsk dat se by de bêste fjouwer fan Europa hearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)