Trio Van der Bos wint Penjum

06 sep 2009 - 18:07

It partoer van Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger hat snein op 'e nij in haadklasse keatswedstriid wûn. Yn Penjum wûnen de PC-winners mei 5-2 en 6-6 fan it trio Jochum Bouma, Karel Nijman en Pier Piersma. Piersma sloech de bal op 6-6 kwea út.

Tred waarden debutant Jelmer Hofstee, Michel van der Veen en de bylotte Feiko Boersma. Feiko Broersma foel yn foar de blessearre Johannes Boersma. Gert-Anne van der Bos waard kening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)