De Jouwer ferliest mei 3-0

De Jouster keeper André Zeldenthuis (foto Martin de Jong)
Sneinshaadklasser De Jouwer is de nije kompetysje úteinset mei in 3-0 ferlies tsjin de promovendus Juliana ´31 út Malden. It wie in minne middei foar keeper André_Zeldenthuis. Yn in tiid fan tolve minuten foelen de trije doelpunten. De Jouwer hat noch in jonge ploech fuotballers en se koenen de wedstriid net ombûge.
Snits Wyt Swart, dat ek yn dizze sneinshaadklasse spilet, ferlear mei 4-0 fan Achilles ´29 út Groesbeek.