Soad nije besikers Lauwersmar

06 sep 2009 - 16:11

Alle aktiviteiten rûnom it 40-jierrich bestean fan de Lauwersmar ha no al tûzenen nije besikers oan it gebiet opsmiten. Dêrûnder wiene en binne in opfallend soad Belgen.

Hichtepunt wie de dei fan de garnaal, seit boskwachter Jan Willems fan Steatsboskbehear. In soad minsken wite kwalik dat it Lauwersmargebiet bestiet. Der wiene sels guon dy't tochten dat Lauwerseach in eilân is. In ferklearring foar it grut tal Belgen hat Willems net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)