Van der Duim net yn finale

06 sep 2009 - 15:57

It is tennisser Antal fan der Duim fan Finkegea sneon net slagge om de finale te heljen fan it future toernoai yn Almere. De Fryske tennisser ferlear mei 6-4 en 6-3 fan de Amerikaan Gregory Ouellette. Ouelette wûn snein dit toernoai fan de Fin Harri HelioVaara. Van der Duim helle oars wol sukses yn Almere. Tegearre mei maat Boy Westerhof helle er de titel fan it dûbeltoernoai. Nei twa tiebreaks wûnen se fan it Dútsk/ Sweedske koppel Emmerich en Siljestrom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)