Plysje krijt kopstjit

06 sep 2009 - 15:49

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in mishanneling yn de nacht fan sneon op snein op It Hearrenfean. Om 01.45 oere hinne krige de plysje de melding fan in fjochtpartij by de Stasjonstunnel. Ien jonge soe dêrnei fuortfytst wêze.

Nei in syktocht yn it gebiet troffen de plysjes in jonge (17) fan It Hearrenfean, rinnend mei de fyts oan de hân, oan. Doe't de plysjes him oansprutsen, reagearre er agressyf. By it ferfier nei it buro joech er ien fan de plysjes in kopstjit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)