Koppel skelt plysjes hûd fol

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige Snitser is yn de nacht fan sneon op snein oanholden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.
De man hie in stevige rúzje mei syn freondinne op it Harmonieplein yn Ljouwert. In freondinne frege oan oanwêzige plysjes oft sy de rúzje delbêdzje koene. De plysje besocht dit, mar it koppel woe der neat fan wite en skold de plysjes de hûd fol. Dy fregen de Snitser dêrnei it sintrum te ferlitten omdat er de iepenbiere oarder fersteurde.