Jan Brander wint NK tiidriden

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Jan_Brander fan Oerterp is sneintemiddei Nederlânsk_kampioen tiidriden wurden yn de kategory 60+. Yn it Drintske Vries wie er fierwei de sterkste yn syn leeftydskategory. Brander wie yn de tiidrit oer 27 kilometer 1.46 rapper as de nûmer twa, Rein Oppewal fan Snits. De Brabânske Hans van Bavel waard tredde.
It is al de fjirde kear dat Brander de nasjonale titel pakt. Earder waard er twa kear Nederlânsk kampioen by de 50+'ers en ien kear by de 60+'ers.