Postma wint yn Ruinerwold

06 sep 2009 - 14:29

Atleet Stefan Postma fan De Blesse hat sneontejûn yn it Drintske Ruinerwold in hurdrinwedstriid oer fiif kilometer wûn. Postma rûn dizze ôfstân yn in tiid fan sechtjin minuten en 42 sekonden.

Twa tellen letter einige Gert-Jan Stevens fan Noordscheschut. Tred waard Erik Driessen fan Vollenhove. Driessen wie trettjin sekonden letter as Stefan Postma. Der stienen fyftich atleten oan de start yn Ruinerwold.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)