Jonge oanholden by Xplode

06 sep 2009 - 14:18

In 16-jierrige jonge út Ljouwert is sneontejûn oanholden troch de plysje by it dance-evenemint Xplode op de Griene Stjer by Ljouwert, op fertinking fan lokaalfredebreuk. De jonge hie earder op de jûn foar oerlêst soarge en him net oan de regels fan it evenemint holden.

Hy wie troch de befeiliging fan it terrein ôfset. De Ljouwerter kaam lykwols werom, klom oer de stekken en waard dêrnei oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)