Venhuizen wint heale maraton

© Omrop Fryslân
Hurdrinner Jan Venhuizen fan Smilde hat sneon de heale maraton fan Appelskea wûn. Hy hie in romme foarsprong op de nûmers twa en trije en klokte oan de streek in tiid fan 1.12,15.
Twad en tred waarden Klaas Jan Hofstra mei 1.16,59 en Jappie Doller yn in tiid fan 1.19,48. By de froulju wie Bertha Bruggenkamp fan Smilde mei in tiid fan 1.25,42 de rapste, foar Marleen Verdonkschot út Klazienaveen, mei 1.26,47.